Fakbûn stelt rederij Doeksen ultimatum yn cao-konflikt

13 maaie 2015 - 19:05
  • De rappe boat fan Doeksen

Net allinnich by Wagenborg Passagiersdiensten driigje aksjes fanwege in cao-konflikt, ek by rederij Doeksen is dat it gefal. Fakbûn FNV hat de rederij nammentlik in ultimatum steld. As Doeksen foar nije wike tiisdei 12.00 oere net yngiet op de cao-easken fan it bûn, dan folgje mooglik wurkûnderbrekkings en stakings.

Doeksen seit yn in reaksje teloarsteld te wêzen oer it ultimatum. Neffens de rederij hat der amper sprake west fan oerlis. By Wagenborg wurdt kommende freedtemoarn al aksjefierd, ek fanwege it konflikt oer de cao.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)