Fakbûn set staking troch

08 jan 2013 - 10:53
  • Staking by Feenstra Ferwaarming
  • Staking by Feenstra Ferwaarming

Meiwurkers fan Feenstra Ferwaarming op It Hearrenfean hawwe tiisdei it wurk dellein. Eigener Nuon Vattenfall wol de Fryske festiging op 1 july slute. Mei de staking wolle de fakbûnen in ûnstlachferbod ôftwinge, om't sechstich fan de 125 meiwurkers noch gjin ferfangend wurk oanbean krige hawwe.

In earste oerlis tusken de direksje en de fakbûnen hat moandeitejûn neat opsmiten. Doel is wol om woansdeitejûn op 'e nij yn petear te gean. Is der dan noch gjin akkoart, dan komme der nije stakings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)