Fakbûn min te sprekken oer DE

08 sep 2012 - 09:04
  • Douwe Egberts

Wurknimmers van Douwe Egberts en fakbûn FNV Bondgenoten binne min te sprekken oer it leanbod fan it bedriuw dat sûnt koarten mei in nije lieding as selsstannige ûndernimming aktyf is.

Neffens FNV Bondgenoten wol it bedriuw dat de leanen op en del gean, ôfhinklik fan de doelstellings fan Douwe Egberts. Mar wurknimmers binne gjin ûndernimmers sa fynt it bûn. DE bied 0 prosint leansferheging, wylst it fakbûn 3 prosint wol. Derneist moat de wurkdruk minder heech wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)