Fakbûn CNV: "Transportsektor moat net mear op Calais ride"

23 des 2015 - 21:33
  • Frachtweinen

Fakbûn CNV ropt transportbedriuwen mei klam op om net mear op Calais te riden. ,,Calais verandert in een oorlogszone", skriuwt it CNV. Yn de Franske stêd besykje flechtlingen massaal nei Ingelân te kommen troch yllegaal mei te liften op frachtweinen. Dêrby wurde se hieltyd gewelddiediger. 

Se brûke honkbalkneppels, pepperspray en stekwapens, warskôget it fakbûn. Dy advisearret sjauffeurs dêrom oare rûtes te kiezen, bygelyks oer Hoek fan Hollân. Der wiene oant no ta noch inkelde Fryske transportbedriuwen dy't op Calais ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)