Fakbûn praat FB-personeel by

12 apr 2012 - 16:07
  • It eardere kantoar fan de Friesland Bank oan it Beursplein

Meiwurkers fan de Friesland Bank hawwe grutte soargen oer de takomst. Tongersdei oan 'e ein fan de middei is yn it Oranje Hotel yn Ljouwert in byienkomst. De meiwurkers wurde dêr troch de fakbûnen bypraat.

It personiel wol witte hoe't it komt, no't de Friesland Bank troch de Rabobank oernommen wurdt. De oergangsfaze sil twa jier duorje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)