Fakbûn driget mei suvelaksjes

10 maaie 2012 - 18:18

Der komme aksjes yn de suvel as de wurkjouwers net mei in better CAO-foarstel komme. Dat seit CNV Vakmensen. Neffens it fakbûn is it CAO-foarstel dat der no leit te meager. It giet dan ûnder oare om de leansferheging dy't de wurkjouwers biede. Neffens CNV Vakmensen is der sels in kâns dat minsken der op achterút gean, trochdat der in nij beoardielingssysteem ynfierd wurdt.

It fakbûn stjoert de wurkjouwers noch in brief mei de kritykpunten. Wurdt dêr net op reagearre, dan folgje der aksjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)