'Fakânsjes NNBT feilich stelle'

28 maaie 2003 - 00:00

De trije noardlike provinsjes moatte de fakânsjes dy't fia it Noord Nederlands Buro voor Toerisme boekt binne, feilich stelle. Dat skriuwt de Consumentenbond woansdei oan de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte.

Omdat it NNBT frijwol wis fallyt giet, falle 4000 fakânsjes yn it wetter. Neffens de Consumentenbond fiele de provinsjes har dêr net ferantwurdlik foar en is dat ûnbehoarlik bestjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)