Fakânsjepark Sint Nyk iepene

17 apr 2004 - 00:00

De nijste oanwinst fan it bûten Eysinga State yn Sint Nyk is sneon iepene. It is in fakânsjepark mei 50 lúkse rekreaasjepleatskes. It park leit oan de Langwarderwei, njonken de al besteande kamping.

De buorkerijkes fan 250.000 euro it stik binne allgear al ferkocht, mar wurde parten fan it jier ek ferhierd. De ynkomsten fan it park brûkt eigner jonkhear Van Eysinga om it famylje-bûten te ûnderhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)