Fakânsjepark by Rinsmastate

14 sep 2010 - 13:25
  • Rinsmastate yn Driezum

Der moat in rekreaasjepark mei 100 oant 150 fakânsjehuzen komme yn Driezum. Dat wolle B en W fan Dantumadiel. It park moat achter Rinsmastate komme oan it wetter de Swimmer. De gemeente hat al yn 2007 in oerienkomst sletten oer it ûntwikkeljen fan it park.

Der binne wol betingsten. Sa moat der romte bliuwe tusken it doarp en it rekreaasjepark en moat it park goed yn it lânskip passe. Ein oktober is der in ynformaasjegearkomste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)