Fakânsjegongers litte it boeken fan it waar ôfhingje

22 jun 2015 - 12:52
  • Op de kemping

De kommende simmer is noch genôch plak op de campings yn Fryslân. De bungalowparken en oare hierakkommodaasjes lykas chalets en steankaravans sille goed beset wêze yn july en augustus. Dat is de algemiene ferwachting fan rekreaasjeûndernimmers.

De trend fan de lêste jierren is dat de measte minsken harren fakânsje let boeke. Se wachtsje it waar ôf en hoopje op last minute-oanbiedings. It freget in protte fleksibiliteit fan rekreaasjeûndernimmers, omdat se dêrtroch dreger ynskatte kinne hoefolle personiel oft se oannimme moatte.

De simmer is 21 juny offisjeel úteinset en de rekreaasjebransj hat noch net folle gelok hân mei it waar. Maaie en juny wiene kâld. Merk Fryslân, de marketingorganisaasje fan de provinsje Fryslân, wol gjin ferwachtings útsprekke oer de besetting fan campings en bungalowparken. Neffens Piet Paulusma komt der wier noch wol simmerwaar oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)