Fakânsjebungalows yn Driezum

04 nov 2010 - 21:46

Sa'n 120 minsken hawwe tongersdei in ynformaasjejûn bywenne oer in nij fakânsjepark dat by Rinsmastate yn Driezum komme moat. Collage Vastgoed wol tusken de state en it wetter De Swimmer 100 oant 150 bungalows delsette. Dy komme op kavels fan sa'n 500 kante meter en wurde ôfwiksele mei wetter dat tagong jout op De Swimmer.

Doel is takom jier alle fergunningen te regeljen, sadat de bou yn 2012 begjinne kin. Dy bou sil yn fazen útfierd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)