Fakânsjebeurs: Snits foldert net

07 jan 2002 - 00:00

Gjin folders, mar in saneamde ynformaasjepylder. De VVV Snits lit him dit jier op de Fakânsjebeurs yn Utrecht fan in oare kant sjen. Fia in 'touchscreen'-metoade komt de klant alles te witten oer 25 rekreaasjebedriuwen.

De Fakânsjebeurs set tiisdei út ein. Dêrnei reizget de kolom troch nei Boot Düsseldorf, de Hiswa en in beurs yn it Belgyske Antwerpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)