Fakânsje fertraget kolleezje

06 maaie 2007 - 12:35

CDA en PvdA prate moandei fierder oer it nije kolleezje fan Deputearre Steaten. Troch de fakânsje wie it dreech wie om alle belutsenen byelkoar te krijen. De gearkomste dêr't CDA en PvdA ferantwurding yn ôflizze soene oer it resultaat is ferskood fan moandei nei woansdei.

De partijen binne it noch net mei elkoar iens hoefolle partijen yn it nije kolleezje komme moat. It PvdA wol 3 en it CDA 2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)