Fak Frysk like populêr as Frânsk

19 maaie 2006 - 10:01

Fan bern, dy't kieze meie tusken Frysk en Frânsk op skoalle, kiest de helte foar it Frysk. Alteast dat docht bliken op it Dockinga Kolleezje yn Dokkum. Dêr meie de earste klassers fan de teoretyske learwei fan no, kieze wat se yn it twadde jier wolle.

Oars wie Frysk in ekstra fak, dat bûten skoaltiid jûn waard. No kinne de bern Frânsk ynwikselje foar it Frysk. Neffens de skoalle sjogge de learlingen it belang fan it Frysk wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)