Fairtrade sintraal yn Burgum

21 apr 2012 - 10:38

Yn De Pleats yn Burgum is sneon de tredde edysje fan de Lifestyle Fair Oars. Op de merk stiet fairtrade sintraal. Besikers kinne biologysk iten priuwe en bygelyks in testrit meitsje yn in elektryske auto of op in elektryske fyts.

Wethâlder Rijpstra fan Tytsjerksteradiel rikt oan 13 bedriuwen fairtrade sertifikaten út. Dizze bedriuwen ha har it ôfrûne jier oansletten by de gemeentlike kampanje foar duorsumens, sûnens en earlike hannel. Op de beurs steane 46 bedriuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)