"Faire Melk" wer út de winkels

08 nov 2012 - 11:48

It suvelmerk 'Faire Melk', dat ferline jier yntrodusearre waard, is no alwer ophâlden. Faire Melk wie in inisjatyf fan de Nederlandse Melkveehouders Vakbond. Foar elk produkt dat je kochten, krigen de boeren dy't de molke leveren, in earlike priis. Troch problemen mei twa suvelferwurkers slagget it net om de produkten yn de winkel te krijen.

Troch alle tsjinslach hat it fakbûn der net folle nocht mear oan om in trochstart te meitsjen mei in nije suvelferwurker. Yn oare lannen is it konsept wol in sukses, bygelyks yn Eastenryk en België.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)