Facilitaire Dienst fallyt

18 feb 2006 - 12:39

De rjochtbank fan Ljouwert hat it bedriuw de Facilitaire Dienst Nederland yn it Hearrenfean fallyt ferklearre. Tsien minsken reitsje harren baan kwyt. It bedriuw dat ferline jier maaie úteinsette, stipet oare bedriuwen by nijbou en ferbouwingsprojekten.

In heal jier lyn stuts de Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij NOM noch jild yn it bedriuw. De ferwachting wie dat it bedriuw groeie soe en dat it tal wurknimmers yn 2008 op 20 lizze soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)