Facelift sintrum Feanwâlden

27 feb 2004 - 00:00

It sintrum fan it doarp Feanwâlden krijt in facelift fan 10 miljoen euro. Yn it âlde sintrum is de lêste tiid in soad sloopt. Ynkoarten wurdt mei de bou fan in folslein nij sintrum út ein set.

Wenningstichting Dantumadiel sil op de Koemarkt yn Feanwâlden nije wenten, in winkelsintrum en in nij multy- funskjoneel sintrum bouwe. Sa moat de Feanwâldster wer mear yn eigen doarp boadskipje. No geane guon nei Burgum, Ljouwert en Damwâld te winkeljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)