Facebookside: Psy-Fi moat yn Ljouwert bliuwe

29 nov 2015 - 16:16
  • It Psy-Fi festival fan 2015

De gemeente Ljouwert moat it Psy-Fi festival yn Ljouwert hâlde. Om dat te berikken komme der moandei mear as hûndert foarstanners fan it festival nei de gearkomste fan de gemeenteried. Dat seit Bettina Wolff út Ljouwert, inisjatyfnimster fan de Facebookside "Show your support to keep Psy-Fi in Leeuwarden." De ôfrûne twa jier is Psy-Fi yn it Griene Stjergebiet by Ljouwert hâlden. 

Fanwegen lûdsklachten, problemen mei it ferkear en in skeabedrach fan 65.000 euro, hat de gemeente ekstra betingsten oan it festival steld. 

Ien dêrfan is dat der nachts gjin muzyk mear draaid wurde mei. Foar de organisaasje fan it festival is dat net akseptabel. Dy siket nei in oare lokaasje yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)