Facebookrelskopper nei hûs

07 nov 2012 - 20:12
  • Rellen Haren

De rjochtbank yn Grins hat in 18-jierrige man út Fryslân nei hûs ta stjoerd. De man siet fêst foar syn oandiel yn de Facebookrellen yn Haren yn septimber. De Fries soe in auto yn 'e brân stutsen ha, en him skuldich makke ha oan iepenlik geweld. It Iepenbier Ministearje woe syn foararrest mei njoggentich dagen ferlinge. Neffens syn advokaat hat syn kliïnt bot lêst fan it finzenisrezjym. De riedskeamer fan de rjochtbank wie dat mei him iens. De man moat noch wol foarkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)