Facebook-aksje start om dupearren Drachten te helpen

28 des 2015 - 14:23
  • It hiele gebou moat plak meitsje foar nijbou

Op Facebook is in aksje start om de slachtoffers fan de eksploazje yn de flat yn Drachten te helpen. Neffens ien fan de inisjatyfnimmers hawwe de troffen bewenners hielendal neat mear. Se hawwe benammen belang by praktyske saken lykas klean en toiletspullen. Minsken kinne op de Facebooksiden ''ikgeefweg Drachten - Ureterp e.o.'' en ''weggeefhoek Drachten'' oanjaan dat se guod jaan wolle of wenromte beskikber hawwe.

Der binne al aardich wat reaksjes binnenkaam. De inisjatyfnimmers sykje noch in romte dêr't minsken guod bringe kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)