'Fabrykspiip moat bliuwe'

De skoarstienpiip stiet der no noch

Yn Frjentsjer wurdt in aksje opset tsjin de sloop fan de lêste âlde fabryksskoarstienpiip fan de stêd. It giet om de skoarstien fan it eardere meubelfabryk Fristho. No is dy fan skjinmakbedriuw Vlietstra. Dat jout alle jierren tûzenen euro's út oan it ûnderhâld en wol dat net langer.

De gemeente hat de sloopfergunning al ôfjûn, mar de feriening 'Freonen fan de stêd Frjentsjer' wol de piip behâlde. Minsken dy't dat ek wolle, kinne reagearje op de webside fan de freonen.

Vlietstra soe de piip sels ek wol hâlde wolle, as in oplossing fûn wurdt foar de kosten. De 30 meter hege skoarstien is boud yn de jierren '20 fan de foarige ieu en is eins it iennige dat oer is fan it meubelfabryk Fristho, dat nei de oarloch ôfbrânde. Neffens de freonen fan de stêd Frjentsjer soe it skande wêze dat de piip ferdwynt. Eartiids hie Frjentsjer fiif sokke byldbepalende pipen, mar dêrfan is fierder net ien oerbleaun. De feriening soe wol graach wolle dat der in gemeentlike monumintelist komt, dêr't de skoarstien dan ek opkomt. Oant no ta hat Frjentsjerteradiel net sa'n list, wylst in soad oare gemeenten dy wol hawwe.

Operasjoneel direkteur Henk Boering fan Vlietstra

Besjoch ek...

16 mei 2012 - 14:25
15 mei 2012 - 11:08
12 mei 2012 - 12:37
9 mei 2012 - 11:12
7 mei 2012 - 09:55

(advertinsje)

(advertinsje)

It nijs yn 1 minút

(advertinsje)

Reade Tried

Wa't in Facebook-account hat, moat net seure oer privacy
Iens, tsjinwurdich wurdt werklik alles dield. Gjin wûnder dat advertearders dêr ynteresse yn hawwe
42%
Ûniens, dat ik sels in Facebook-account ha wol net sizze dat myn gegevens as hannelswaar brûkt wurde meie
36%
Wit net, ik sit net op Facebook
21%
Totaal tal stimmen: 113

Wat fine jo derfan?

readetried@omropfryslan.nl

antwurdapparaat: 058 7009 777

Of fol hjir it formulier yn.

Nijs NOS.nl