Fabrykspiip Balk dochs sloopt

19 maaie 2014 - 12:08
  • De sloper is dwaande mei de skoarstien yn Balk
  • De tsjinstanners fan de sloop stean der ferslein by

Yn Balk wurdt de byldbepalende piip fan it eardere molkfabryk sloopt tsjin it sin fan in groep doarpsbewenners. De skoarstien stiet yn in wenwyk en hy is fan de feriening fan eigeners fan de wenten. De achttjin bewenners binne benaud dat de piip omwaait. Sy hawwe in sloopfergunning oanfrege en ek krige.

In groep Balksters wol de skoarstien graach behâlde. Sy soene 14 dagen de tiid krije om mei in restauraasjeplan te kommen en se woene in stichting oprjochtsje. De sloper hat dêr lykwols net op wachte en is mei it delheljen begûn.

De tsjinstanners fan de sloop binne djip teloarsteld yn de gemeente omdat der ôfspraken lizze soene mei de gemeente. Mar neffens wethâlder Van der Pal is de sloopfergunning offisjeel takend en dus rjochtmjittich, sa hearde ien fan tsjinstanners doe't er belle foar in reaksje. De tsjinstanners wolle de piip graach behâlde, omdat er wichtich is foar de histoarje fan Balk.

De piip is yn 2008 noch restaurearre. Neffens de feriening fan eigeners soe dat net goed genôch dien wêze. Om de situaasje wer feilich te krijen, moat de skoarstien opnij opknapt wurde. De kosten dêrfoar kinne oprinne oant wol 80.000 euro, seit de feriening fan eigeners. Dy wolle dêr net foar opdraaie. De minsken dy't de piip behâlde wolle, sizze dat it ek foar 28.000 euro kin en dat sy dat jild wol byinoar krije kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)