Fabryk soarget foar ûnrêst

24 jan 2001 - 10:31

By it gemysk bedriuw Johnson Polymer op It Hearrenfean hat in ûngemak mei in reaktor foar ûnrêst soarge. Al hast twa wiken lyn ûntstie in gefaarlike sitewaasje troch in defekt oan in masine dy't hars makket.

Earder klagen bewenners fan 'e wyk Nijehaske dat it nei baarnend rubber en plestik stonk. Undersyk hat net útwiisd dat it wat mei it fabryk te krijen hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)