Fabryk kostet mear as miljoen

03 des 2003 - 00:00

De keap fan it âld suvelfabryk yn Sint Nyk kostet Skarsterlân mear as in miljoen euro. B en W hiene om in ekstra kredyt fan 275.000 euro frege om it fabryk te keapjen fan de projektûntwikkeler.

Mei it jild dat earder al beskikber steld is, komt it bedrach op mear as in miljoen. De gemeente wol it fabryk slope en der huzen bouwe. Oer twa wiken nimt de ried in definityf beslút oer de oankeap fan it suvelfabryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)