Fabryk foar elektryske steps

21 mrt 2011 - 12:28
  • De Israëlyske direkteur demonstrearret de step

It bedriuw Motion Innovation út Israël wol yn in fabryk yn Ljouwert alle moannen 500 elektryske autopets meitsje. It bedriuw hat dêrfoar in hal hierd op yndustryterrein De Hemrik.

Yn Israël hie it bedriuw lêst fan yngewikkelde regels foar de elektryske step. Ljouwert besiket krekt om bedriuwen foar elektrysk ferfier nei de stêd te krijen. De elektryske autopets kinne sa'n 30 kilometer ride. It foardiel is dat se opteard en meinommen wurde kinne yn auto of trein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)