Fabryk Dumeco yn Ljouwert ticht

29 jun 2004 - 16:11

It fabryk fan fleisbedriuw Dumeco yn Ljouwert giet ticht. Ek de fêstigingen yn Best en Hedel slute. Yn totaal geane 400 banen by de fleisferwurker ferlern. It personeel is moandei ynformearre oer de reorganisaasje. In part fan it personeel kin meiferhúzje nei oare lokaasjes.

Dumeco is it kontrakt mei Albert Heijn foar it ferpakken fan farsk bargefleis kwytrekke. Neffens it FNV hat dat te krijen mei de prizeslach yn de winkels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)