Fabriek wint Noardwâlde

04 jul 2010 - 17:35
  • Dirk Fabriek waard earste

By ynternasjonale gersbaanwedstriden yn Noardwâlde wie der grut Frysk sukses. Trije Friezen stiene op it poadium. Dirk Fabriek wûn de A-finale yn de specialklasse, Jannick de Jong waard twadde en Theo Pijper pakte it tredde plak. Troch in prima start fan Fabriek kaam hy oan de lieding, makke gjin fouten en wûn de wedstriid.

Foar Theo Pijper wie it de twadde kear dit wykein dat er op it poadium stie. Sneontejûn wûn hy yn Tayac yn Súd-Frankryk, dêrnei wachte in lange reis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)