Fabriek wint EK-kwalifikaasje

01 jun 2009 - 20:10
  • Winner Dirk Fabriek

Dirk Fabriek hat Pinkstermoandei de EK-kwalifikaasje gersbaan yn Stadskanaal wûn. De Jobbegeaster hie mei Theo Pijper fan Noardwâlde yn 'e searjes de measte punten helle. Jannick de Jong fan De Gordyk helle troch maleur yn de earste searje fia de B-finale de lêste seis fan de A-finale.

Dêryn pakte Dirk Fabriek daliks de kop en dat bleau sa. Yn de lêste bocht rekke Theo Pijper Mark Stiekema, beide gongen ûnderút. Stiekema krige dochs it twadde plak en De Jong waard tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)