Fabriek twadde yn Werlte

02 aug 2009 - 14:18
  • Dirk Fabriek (foto Martin de Jong)

Yn it Dútske Werlte hat Dirk Fabriek fan Jobbegea sneintejûn it twadde plak helle by in ynternasjonale gersbaanrace. Jannick de Jong fan De Gordyk waard fiifde. Winner waard de Dútser Stephan Katt. Fabriek helle wol it baanrekord, troch yn de training de rapste tiid del te setten.

Jannick de Jong folge mei in heale tel efterstân op it twadde plak. Yn dizze wedstriid wie der in sterk ynternasjonaal dielnimmersfjild, mar wiene der ek in soad falpartijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)