Fabriek tredde yn Uithuizen

02 sep 2012 - 14:27

Dirk Fabriek út Jobbegea is sneon as tredde einige by de ynternasjonale gersbaanraces yn Uithuizen. De winst gong nei de Deen Peter Juul Larsen dy't nei syn oerwinnings yn De Grinzer Pein en Siddeburen foar de tredde kear op rige de bêste wie. Twadde waard Erik Eijbergen út Zorgvlied yn Drente.

Jeffrey Woortman út Warten ried in knappe wedstriid, mar seach syn kânsen op de einoerwinning ferlern gean doe't er yn de finale al yn de twadde bocht ûnderút gong.

Dit wie de lêste kear dat der raced waard op it Grinzer sportpark oan de Oude Tilsterweg. Takom jier sille de gersbaanraces holden wurde op in nije akkommodaasje dy't rommer is en foldocht oan de easken fan de ynternasjonale baansport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)