Fabriek tredde, Kramer fiifde

03 jun 2014 - 22:21
  • Wieger van der Wier, Berden de Vries en Durk Fabriek

Durk Fabriek waard tiisdei by de distriktskampioenskippen tiidriden yn Nijhoarne tredde. De maratonreedrider en hurdfytser fan Haulerwyk stie mei syn ploechmaat Wieger van der Wier fan Marum en winner Berden de Vries fan Gieterveen op it poadium. De reedriders Sven Kramer en Douwe de Vries waarden fiifde en sechsde. Der wie noch folle mear Frysk súkses yn Nijhoarne. Sa waard Lisa de Jong fan Easterwâlde kampioen by de nijelingen. Aafke Soet fan It Hearrenfean en Hartthijs de Vries fan Kollum pakten it goud by de junioaren.

Douwe Schaafsma fan De Falom waard twadde by de junioaren en Maria Sterk fan Hallum tredde by de froulju. De winst wie foar Marijn de Vries fan Zwolle. Op it poadium stie ek Johannes de Groot fan Jobbegea troch de winst yn de sportklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)