Fabriek siket noch jild

03 apr 2011 - 15:02
  • Dirk Fabriek (argyffoto Omrop Fryslân)

It is noch net wis oft gersbaancoureur Dirk Fabriek dit jier alle Grand Prix- wedstriden meidwaan sil. De Fries om utens hat it finansjele plaatsje foar it nije gers- en langbaanseizoen noch net klear. Sa stean op de kalinder in pear wedstriden yn Skandinavië en Súd-Frankryk. It is foar Fabriek logistyk en finansjeel lêstich om yn fjirtjin dagen tiid dêroan mei te dwaan.

Sneon oefene Fabriek op de draafbaan fan Grins, dêr't er op 23 july meidocht oan de fiifde WK-wedstriid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)