Fabriek en Van der Steen troch

06 jul 2014 - 16:38
  • Dirk Fabriek
  • Henry van der Steen

De Friezen Dirk Fabriek en Henry van der Steen ha har sneontejûn yn it Frânske Tayac pleatst foar de WK challenge yn Marianske Lazne. Fabriek waard achter de Frânsman Stephane Tresarrieu twadde, Van der Steen einige as sânde. In goed moanne lyn hiene Jannick de Jong en Theo Pijper har yn Bielefeld al kwalifisearre foar de challenge yn Tsjechië. Dy wurdt riden op sneon 9 augustus.

De top trije yn Marianske Lazne is wis fan in startbewiis foar de searje wedstriden fan it WK 2015.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)