Fabriek en De Jong ride goed

22 jun 2014 - 14:07
  • Dirk Fabriek
  • Jannick de Jong

Gersbaanracer Dirk Fabriek út Jobbegea hat sneon in twadde plak pakt by de ynternasjonale gersbaanrace yn Grinzer Pein. Fabriek ried in goede wedstriid, mei twa twadde plakken en in earste plak yn syn searjes. Yn de finale gong de winst lykwols nei de Dútser Enrico Janoschka, dy't dêrmei de deititel pakte.

Jannick de Jong fan De Gordyk waard tredde yn de finale. Ek hy ried poerbêst, mei twa earste plakken en in twadde plak yn syn races.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)