Fabriek en De Jong: krekt net

19 aug 2012 - 18:28
  • Jannick de Jong

It is Dirk Fabriek en Jannick de Jong krekt net slagge om Europeesk kampioen gersbaanracen te wurden. Yn de A-finale yn Eenrum moasten se belies jaan tsjin de Dútser Stephan Katt. Katt wie ek al kampioen yn 2006 en 2009. Fabriek waard twadde, De Jong einige as tredde.

De Tsjech Ales Dryml wûn alle heats en gie as favoryt de finale yn. Hy makke lykwols in flater en dêr profitearre Katt it meast fan. Wartenster Jeffrey Woortman mocht tefreden wêze mei it tredde plak yn de B-finale, dat betsjut in sânde plak yn de einstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)