Fabriek en Bos pleatse harren foar NK baanhurdfytsen

06 des 2014 - 16:11
  • Durk Fabriek

Hurdfytser Durk Fabriek fan Haulerwyk hat him sneon pleatst foar it NK baanhurdfytsen yn Apeldoorn. Fabriek einige yn de kwalifikaasjewedstriid as twadde op de kilometer mei in tiid fan 1.09.069 en kwalifisearre him dêrmei ienfâldich foar it NK. Op de achterfolging oer 4 kilometer waard Fabriek tredde mei 4.45.72.

Ek Henk Bos út Drachten wist him te pleatsen foar it NK op de kilometer. Hy klokte in tiid fan 1.10.906 en waard dêrmei fjirde. It NK baanhurdfytsen yn Apeldoorn is fan 27 oant en mei 29 desimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)