Fabriek de bêste yn Appelskea

04 aug 2013 - 17:20
  • It poadium fan Appelskea

Hurdfytser, maratonreedrider en skeelerneur Durk Fabriek fan Haulerwyk hat snein it kritearium fan Appelskea op syn namme skreaun. Fabriek wist krekt foar de ein te ûntsnappen út in kopgroep fan fiif man en kaam solo oer de einstreek. It twadde plak wie foar Berden de Vries fan Gieterveen, dy't Arjan Stroetinga út Waskemar op de einstreek foar wist te bliuwen. Yn Appelskea stiene mear as hûndert hurdfytsers oan de start.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)