Fabriek 2e yn Lüdinghausen

21 maaie 2009 - 19:25
  • It team fan Dirk Fabriek

Dirk Fabriek is tongersdei by ynternasjonale gersbaanwedstriden yn it Dútske Lüdinghausen twadde wurden. De Jobbegeaster waard yn de searjes trije kear twadde en helle troch maleur ien kear de einstreek net. Yn de A-finale moast er allinne de Dútser Bernd Diener foargean litte.

Theo Pijper ried yn Lüdinghausen syn earste gersbaanwedstriid fan it seizoen. Pijper kaam muoisum op gong, wûn doe twa searjes en waard fjirde yn de A-finale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)