Faber ferfanger fan Van der Meer

08 jun 2006 - 09:18

Keatser Geert Faber fan Stiens is de ferfanger fan Rutmer van der Meer foar de haadklassewedstryd fan takom sneon yn Stiens. Van der Meer hat syn grutte tean op fjouwer plakken brutsen, wertroch hy minimaal fjouwer wiken net keatse kin.

Syn maten, de bruorren Chris en Jacob Wassenaar, moatten dêrtroch op syk nei in nije maat, omdat neffens de nije regleminten fan it keatsbûn der net mear bylotte wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)