Faber-en-dy winne yn Holwert

25 jun 2006 - 12:48

It keatsen yn Holwert is sneontemiddei wûn troch it partoer fan Geert Faber, Hylke Bruinsma en Chris Wassenaar. Sy fersloegen yn de finale fan de útnoegingspartij Erik Seerden, André Kuipers en Marten Feenstra mei 5-3 en 6-6.

Chris Wassenaar waard keazen ta kening. Ferline jier wie Wassenaar ek al kening fan Holwert. Johan Abma, Pieter Scharringa en Douwe Groenendyk wûnen de lytse preemje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)