Faber boargemaster Zaanstad

05 jul 2007 - 21:06
  • Geke Faber wurdt boargemaster yn Zaanstad

Ald-steatssiktaris Geke Faber wurdt de nije boargemaster fan Zaanstad. De gemeenteried dêr hat har foardroegen.

Geke Faber komt fan oarsprong út Fryslân. Se wie earder steatssiktaris fan LNV, en siet foar de PvdA yn provinsjale steaten fan Fryslân. Se hat ek boargemaster west fan Zeewolde en wie oant juny fan dit jier waarnimmer yn Den Helder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)