Faber bliuwt 5e op WK Yngling

05 jul 2006 - 13:37

Marije Faber fan Snits bliuwt fyfde nei de twadde dei op it WK silen yn de Olympyske Yngling klasse. Yn it Frânske La Rochelle waard se tiisdei mei Mandy Mulder en Floortje Hendriksen 13e yn de iennichste wedstriid fan de dei.

De boat mei Petronella de Jong fan Sint Jabik bliuwt achtste. De tredde Nederlanske boat mei Brechtje fan der Werf út Snits en Marije Kampen fan Starum sakke nei it 18e plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)