Faasje achter fluch ynternet

27 nov 2013 - 16:00
  • Glêsfezel

Noch foar de simmer moat dúdlik wurde wat foar bedriuwen fluch ynternet oanlizze wolle yn lytse doarpen yn Fryslân. Provinsjale Steaten ha woansdei opdracht jûn oan deputearre Poepjes om mei bedriuwen as UPC en Ziggo te ûnderhanneljen. No binne noch goed 30.000 hûshâldens mei in hiele minne ferbining, bygelyks oer in gewoane telefoanline. Deputearre Poepjes woe per hûshâlden 100 euro subsydzje jaan. De PvdA fynt dat noch net genôch. Poepjes sil earst offertes freegje en besjocht dan oft it helber is om mear stipe te jaan foar flugge ferbinings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)