Faaks ûndernimmersfûns Burgum

24 mrt 2013 - 17:29
  • Gemeentehûs yn Burgum

Der liket dochs in ûndernimmersfûns te kommen foar it sintrum fan Burgum. Yn 2010 waard in foarstel troch de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel ôfwiisd. No is in mearderheid foar sa'n fûns.

Undernimmersferiening HIMBO sjocht dat grutte lanlike ketens faak gjin lid binne fan de feriening. Se betelje net mei oan aktiviteiten of promoasje-aksjes, wylst se der wol profyt fan hawwe. Dat kin oars, troch bygelyks in gemeentlike belesting of heffing yn te fieren. Foar de ein fan dit jier moat dúdlik wêze oft it fûns der komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)