Faaks sinnepanielen op Ofslútdyk

19 nov 2002 - 00:00

Der komme mooglik sinnepanielen op de seedyk by de Ofslútdyk. Steats- sekretaris Schultz van Hagen fan it ministearje fan ferkear en wettersteat is posityf oer it plan fan de steate- fraksje fan it CDA.

De CDA-steatefraksje lansearre earder dit jier it plan om in proefopstelling mei sinnepanielen op de Ofslútdyk del te setten. As de proef in súkses is, wol de steatssekretaris besjen of se ek op oare seediken delset wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)