F16's werom út Afganistan

03 jul 2014 - 12:51
  • De F-16's op de fleanbasis Ljouwert

De lêste F16's fan de fleanbasis Ljouwert dy't aktyf wiene boppe Afganistan binne tongersdei weromkommen op de fleanbasis Ljouwert. Moandei waard de lêste patrûljeflecht dien boppe it lân. Dêrmei kaam in ein oan in missy fan hast 12 jier. Yn 2003 begûn de missy om de militêren op de grûn by te stean yn har striid tsjin de Taliban.

Yn de 12 jier ferûngelokke ien F16, dêrby kaam de piloat om it libben. De ynset waard ôfwikseljend dien fanút Ljouwert en Volkel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)