F16's oan Sily ferkocht

29 sep 2010 - 17:21

Op de fleanbasis yn Ljouwert binne 18 F16's oerdroegen oan Sily. De lêste jierren wurdt in soad besunige op definsje. Mei de ferkeap fan fleantugen besiket de organisaasje de kosten omleech te krijen.

De Silenen ha symboalysk in skaalmodel fan in F16 krigen. De fleantugen wurde letter levere. Op 9 novimber geane de earste seis Nederlânske F16's nei Sily ta, takom jier folgje noch twa kear seis. De tastellen waarden al twa jier net mear yn Fryslân brûkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)