F16's nei Libië; grutte kâns

22 mrt 2011 - 17:55

De kâns is grut dat der F16's fan 'e fleanbasis Ljouwert meidogge oan aksjes yn Libië. Tiisdei is besletten dat Nederlân meidocht oan de militêre operaasje tsjin de Libyske lieder Khadaffi. De kâns is neffens in wurdfierder fan definsje grut dat foar dy aksje fleantugen ynset wurde. As dat sa is, dan komme de bases fan Ljouwert en Volkel yn byld, mooglik yn kombinaasje mei-inoar.

Tiisdeitejûn praat it kabinet oer it Nederlânske oandiel oan de operaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)