F16's fuort op missy Libië

24 mrt 2011 - 10:03
  • Foto's: Omrop Fryslân

Seis Ljouwerter F16's sette tongersdei om healwei fjouweren ôf foar de aksje tsjin Libië. Se fleane earst nei it Italiaanske eilân Sardinië. Dêrwei wurde se ynset foar bewakingsfluchten. De gefjochtsfleantugen moatte fierders ynformaasje sammelje en tafersjoch hâlde op it fleanferkear nei Libië. Der sille kontinu fjouwer F16's yn gebrûk wêze.

Understeunend fleanbasispersoniel is tongersdeitemoarn al mei bussen nei Eindhoven ôfset foar de reis nei Italië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)